Frysk súkses op NK judo

08 feb 2010 - 09:59

Trije jonge Fryske judoka's hawwe dit wykein súkses behelle op it Nederlânsk Kampioenskip judo ûnder de 20 jier. Justus Miltenburg waard kampioen yn de klasse oant 73 kilo. Leon van der Wal skeakele yn de heale finale oant 66 kilo syn teamgenoat Tjeerd Tjeerdsma út en helle sulver.

Margriet Bergstra fan De Lemmer wûn it sulver yn de klasse oant 63 kilo. Alle finalisten traine by de judoskoalle fan Edwin Steringa op it Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)