Ferlies Fryske haadklassers

07 feb 2010 - 16:58

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart ferlear op eigen fjild mei 2-0 fan HSC '21 út Haaksbergen. Yn in net al te bêste wedstriid fan de Snitsers waard yn de earste helte net skoard. HSC '21 miste yn de twadde helte in penalty. Yn de 80ste minút wie it wol raak en waard it 1-0 foar HSC '21. Seis minuten letter waard de wedstriid beslikke mei 2-0.

De oare haadklasser De Jouwer ferlear yn en fan Lienden mei 2-1. De Jouwer stiet ûnderoan mei twa punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)