Goede Olympyske test Kramer

Sven Kramer is klear foar de Olympyske Spelen
Sven Kramer hat sneon in goede Olympyske test hân yn Vancouver. Op in trainingswedstryd yn de Richmond Olympic Oval ried er syn fluchste 3000 meter ea. Syn tiid wie 3.40,51, dat wie twa sekonden rapper as de Italiaan Enrico Fabris.
Kramer sjocht de 3000 meter fan juster as in slagge test foar no sneon. Dan moat er syn earste Olympyske ôfstân ride, de 5000 meter. Foar Nederlân starte njonken him ek Bob de Jong en Jan Blokhuijsen.