Everse-effekt by Hearrenfean

06 feb 2010 - 23:34

Sportklup Hearrenfean hat syn earste wedstriid ûnder lieding fan de nije ynterim-trainer Jan Everse wûn. Hearrenfean wûn mei 2-0 fan FC Utrecht. De goals waarden makke troch Gerald Sibon. Yn de fyfde minút makke hy de earste. Yn de 51ste minút waard Beerens troch keeper Vorm ûnderút helle, Sibon fersulvere de penalty.

Hearrenfean spile yn fergeliking mei de wedstriid tsjin VVV no folle better tsjin in FC Utrecht dat net by machte wie om gefaarlik te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)