Graauwmans stapt op by Avanti

06 feb 2010 - 17:14
  • De seleksje fan topdivisionist Avanti fan Stiens

Sealfuotbalferiening Avanti fan Stiens moat op syk nei in nije foarsitter. Wouter Graauwmans stapt op mei yngong fan 1 maart, omdat er it foarsitterskip net langer mear kombinearje kin mei syn wurk.

It bestjoer fan Avanti respektearret de kar fan Graauwmans foar syn maatskiplike karriêre en sil no op syk nei in oplossing foar de langere termyn. Avanti komt út yn de topdivyzje fan it sealfuotbal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)