Aksje tsjin 'de As' yn T-diel

Byld fan de protestaksje tsjin de Sintrale As
Tsjinstanners fan de Sintrale As ha sneon mei in bustoer Garyp en Burgum oandien. Der woene se ynwenners oertsjûgje dat se foaral protestearje moatte tsjin de oanlis fan de nije dyk tusken Dokkum en Nyegea.
De provinsje is dwaande mei tariedings foar de oanlis fan in fjouwerbaansdyk tusken Dokkum en Nyegea. In miljoeneprojekt, dat de berikberens fan Noardeast-Fryslân ferbetterje moat. Miljeu- en natoerklups besykje dit mei in slotoffensyf op te kearen.