Nij plak survival De Tille

Op dit stik lân komt de nije survivalbaan
Nei goed twa jier praten hat de survivalklup fan Koatstertille definityf in nij plak. Sneontemoarn gie de earste skeppe de grûn yn.
De survivalklup sit op it stuit noch yn in lyts bosk tichtby Koatstertille, mar moat dêrwei nei protesten fan de Fryske Miljeufederaasje. De gemeente hat nei in pear jier sykjen in nij plak fûn. Der moat noch in soad barre, mar de planning is dat de nije survivalbaan yn april 2011 iepen gean sil.