Net elke Bob rydt alkoholfrij

BOB logo © Omrop Fryslân
Ien op de sân sporters dy't in Bob-ôfspraak makket mei in spesjaal promoteam, rydt dochs net hielendal alkoholfrij. BobSport-promoteams binne dwaande mei in kampanje dêr't se har rjochtsje op sportkantines. De promoteams ha al by 13 eveneminten west en mei goed 400 minsken is in Bob-ôfspraak makke. Dy minsken sizze ta net te drinken at se de Bob binne. De kampanje duorret oant mids juny. Oant no ta giet it foaral om fuotbal en kuorbal.