'Keapje wol op plattelân'

05 feb 2010 - 20:34
  • Fryske makelers advisearje om foaral wol in nijbouwenning op it plattelân te keapjen

Makelers op it Fryske plattelân binne net bliid mei it advys fan steatssiktaris Bijleveld fan Ynlânske Saken. Bijleveld fynt dat minsken goed neitinke moatte foardat sy in nijbouhûs keapje op it plattelân.

Troch de krimp driget leechstân. In hûs is dan dreger te ferkeapjen, seit Bijleveld. Neffens makeler Boskma fan Sint Anne is sa'n opmerking net handich yn in tiid dat it al net sa goed giet mei de huzemerk. Hy is benaud dat it lytse doarpen op slot set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)