Paralyzer yn beslach naam

05 feb 2010 - 20:20

In 20-jierrige man út Ferwert is freedtemiddei yn syn wenplak oanhâlden om't er in ferbean wapen by him hie.

Op de Ljouwerterdyk seagen plysjes de man mei syn auto riden en tochten dat hy oan it beljen wie. By in kontrôle waard dúdlik dat it hielendal net gie om in tillefoan, mar om in saneamde paralyzer, in stroomstok. De man is meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk. Syn wapen is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)