Frjentsjerter mei drugs pakt

31 mrt 2012 - 12:45

De plysje hat freed in Frjentsjerter (21) oppakt yn syn wenplak, om't er fertocht wurdt fan hannel yn drugs. Plysjeminsken sprutsen de fertochte oan doe't dy op it Jan Rodenhuisplein yn syn auto siet. Yn de auto seagen se in pûdsje wiet lizzen. By it fûllearjen die bliken dat er ek noch twa wikkels mei nei alle gedachten kokaïne by him hie. De drugs binne yn beslach nommen. De man hat proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)