Twillingdoarp mooglik útinoar

It twillingdoarp Húns/Leons driget útinoar te fallen. De provinsje wol de krusing opheffe yn 'e dyk Ljouwert-Boalsert. Ynwenners soenen dan kilometers omride moatte. Boppedat moatte skoalbern en swiere lânbou-weinen smelle dykjes diele.
It doarp Baard soe ek de dupe wurde fan 'e nije situaasje. Trije op 'e tsien fan 'e bern komt fan Húns. Dat soe wolris feroarje kinne. As Húns en Leons faninoar skieden wurde, komt der in hantekenaksje.