Berop yn saak-ôffaloven

De stichting Afvaloven Nee is yn berop gien tsjin de útspraak fan de rjochter oer in boustop foar de ôffaloven yn Harns. De stichting hie de rjochter yn jannewaris frege om in boustop. De rjochter fûn dat der wachte wurde moast op in útspraak fan 'e provinsje oer sa'n boustop.
De stichting giet dêr net akkoart mei. De útspraak fan 'e provinsje kin noch wol moannen op him wachtsje litte. De stichting hat de rjochtbank frege it berop sa gau mooglik te behanneljen.