Skoalle traktearret learlingen

05 feb 2010 - 13:59

Learlingen fan in middelbere skoalle yn Burgum krigen freedtemoarn poeiermolke doe't se op skoalle kamen. Skoallemienskip Singelland hie in koek en zopie-diske opset. De skoalleleiding docht dat omdat se wiis is mei de bern.

Yn al dy wiken dat der snie en iis leit komme de bern moarns op 'e tiid op skoalle sûnder te kleien. Guon learlingen moatte wol 10 kilometer troch de kjeld fytse. De lieding hat dêr wurdearring foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)