Smiley's foar Tsjongerskâns
De Stichting Kind en Ziekenhuis hat sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean twa smiley's takend. Dat is in beoardielingssysteem foar hoe't sikehûzen mei bern omgean. Hoe better de foarsjennings foar bern binne, hoe mear smiley's in sikehûs krijt.
Sikehûs MCL yn Ljouwert hie al ien smiley. It sikehûs op It Hearrenfean sûnt freed dus twa.