Lêste dei foar besoargers FD

31 mrt 2012 - 12:33
  • besoarger Frysk Deiblêd

It Frysk Deiblêd is sneon foar it lêst troch deiblêdbesoargers rûnbrocht. De besoarging wurdt oernaam troch mediagroep NDC, dy't ek de besoarging foar de Ljouwerter Krante docht. It is in besuniging. De besoargers en depothâlders begripe dat, mar neffens guon hie de ôfhanneling oars kinnen. De measte wiken wurde oernaam troch besoargers fan de LC, mar as de wyk fan it FD grutter is, bart dat oarsom ek. Neffens Lútsen Kooistra fan it FD binne meardere brieven ferstjoerd oer de gong fan saken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)