Omset AB Fryslân net tanaam

05 feb 2010 - 10:13

De omset fan AB Fryslân is foar it earst sûnt fyftjich jier net groeid. It útstjoerburo helle oer 2009 in winst fan goed 40 miljoen euro. Dat wie sa'n twa miljoen minder as yn 2008. Dat komt troch de lege opbringsten yn de lân- en túnbou. Boppedat wurdt der troch de ekonomyske krisis minder boud. It bedriuw is yn beide sektoaren aktyf.

Yn de bemiddeling fan minsken sûnder wurk siet wol groei. AB Fryslân is wol optimistysk oer 2010.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)