Fearboat Skier oan 'e grûn

05 feb 2010 - 09:47

De boat fan Skiermûntseach nei Lauwerseach hat freed fêstsitten troch it lege wetter en de eastlike wyn. De boat hie dêrtroch twa oeren fertraging. Direkteur Van Langen fan rederij Wagenborg seit dat de oarsaak ûnder oare leit yn it feit dat Rykswettersteat fjouwer moanne achter leit mei baggerjen.

De kommende dagen ferwachtet Wagenborg gjin problemen, omdat it tij geunstich is foar de fartiden. De boat werom nei Skier giet om healwei alven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)