Wenningbrân yn Ljouwert

Brân yn de Van Beverwijkstrjitte (foto: nieuwsuitfriesland.nl)
Der hat freedtemoarn brân west yn in wente oan de Van Beverwijckstrjitte yn Ljouwert. De brân ûntstie troch noch ûnbekende oarsaak om in oere as healwei sânen. De oproppen brânwacht hie it fjoer sa'n trije kertier letter ûnder kontrôle.
Hoe grut de skea is, is noch net bekend. Nei alle gedachten siet der op de boppeferdjipping fan it hûs in himpplantaazje. By de brân is nimmen ferwûne rekke.