Oardiel rie Kabel Noord letter

De gemeenterie fan Dongeradiel praat pas nei de gemeenteriedsferkiezings oer de takomst fan Kabel Noord. Dat hat in gemeentelike kommisje tongersdei besletten. It punt stie foar ein dizze moanne op de aginda, mar wurdt no pas nei 3 maart behannele.
De gemeenterie hat in ûnôfhinklik buro in rapport meitsje litten oer de takomst fan Kabel Noord. Fraach dêrby is ûnder oare oft de gemeente syn oandielen yn it bedriuw ferkeapje moat.