Echtpear rêden fan Iselmar-iis

Foto: Jaring Rispens
In âlder echtpear út Baarn is tongersdeitemiddei yn grutte problemen rekke op it Iselmar-iis by Gaast. Se binne ûnderkuolle nei it sikehûs brocht. It echtpear wie de beferzen mar opgong om nei it kruiend iis te sjen, mar koene dêrnei yn de mist it paad werom net mear fine. Se bellen om healwei fiven 112 wêrnei't de help op gong kaam.
Mei help fan in helikopter waard it stel fûn en mei de ambulânse nei it sikehús foar kontrôle brocht.