Skea oan A32 troch froast

04 feb 2010 - 20:09
  • De froast soarget foar in soad skea oan de diken

Rykswettersteat sil dit wykein foar de tredde kear in needreperaasje útfiere oan ien fan de sneldiken yn Fryslân. Op de A32 by It Hearrenfean binne troch de froast sokke grutte gatten yn de dyk ûntstien dat it gefaar opsmyt foar it ferkear. Dêrtroch is it net mear ferantwurde om de ein fan de winter ôf te wachtsjen en moat der no al yngrypt wurde.

Earder wie dat ek al it gefal op in oar stikje fan de A32 by It Hearrenfean en op de A7 by Wytmarsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)