Frouljusopfang yn plysjeburo

04 feb 2010 - 17:04

Fier Fryslân wol mishannele froulju opfange yn it leechsteande plysjeburo oan 'e Holstmeerweg yn Ljouwert. Oant no ta waarden de froulju op geheime plakken opfongen. De oankeap fan it plysjeburo is noch net wis. WoonFriesland nimt dêr tongersdeitejûn in beslút oer.

De keap is mooglik troch in heal miljoen euro fan de Postcodeloterij. It nije plak sil Veilige Veste hjitte. Der sil plak wêze foar fjirtich slachtoffers fan earewraak en loverboys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)