Hûn as maatskiplike staazje

Bob krijt in soad oandacht yn 'e klasse
Learlingen fan de oplieding grien fan it Liudger yn Drachten helpe in Skotske kolly om helphûn te wurden. De kommende acht wiken sit de pup yn 'e klasse. Hy wurdt om de trije dagen troch in oare learling meinaam nei hûs. Hy giet dan ek mei op stap, lykas nei de winkel of de sportferiening.
Foar de learlingen jildt de hûn as maatskiplike staazje. It hûntsje moat safolle mooglik yndrukken opdwaan om ûnder alle omstannichheden in goede helphûn te wêzen.