Gjin fertrouwen yn De Jonge

04 feb 2010 - 15:18

De spilersgroep hie gjin fertrouwen yn Hearrenfeantrainer Jan de Jonge. Mei dêrom hat De Jonge besletten op te stappen. De spilersried, mei Michel Breuer, Gerald Sibon en Michael Dingsdag, hat dêr in belangrike rol yn spile. Oanfierder Breuer seit dat der gjin klik wie tusken de spilersgroep en De Jonge.

Jan de Jonge makke woansdeitejûn bekend dat er ophâldt as ynterim-trainer en weromstapt nei syn funksje as haad oplieding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)