Dit wykein gjin amateurfuotbal

04 feb 2010 - 14:46

It fuotbalbûn KNVB hat alle wedstriden yn it amateurfuotbal fan distrikt Noard foar dit wykein skrast. De fjilden binne rûnom yn de provinsje Fryslân striemin troch it waar fan de lêste dagen.

It beslút giet net oer de lanlike kompetysjes dêr't de haadklassen ûnder falle. Oft Harkemase Boys, Snits Wyt Swart en De Jouwer yn aksje komme is dan ek noch net wis. Yn it betelle fuotbal geane de wedstriden dit wykein foarearst ek noch troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)