Mark de Vries wer fit

04 feb 2010 - 13:16
  • Mark de Vries is wer ynsetber

Cambuur spits Mark de Vries kin freed wer meidwaan mei Cambuur. De Ljouwerters spylje thús tsjin AGOVV Apeldoarn. De Vries hat twa wedstriden net meidien fanwege in blessuere. Ferline wike ferlear Cambuur mei 3-1 yn en tsjin Eindhoven.

Nei dat ferlies ha seleksje en trainers neffens ferdigener Robert van Boxel in tal goeie petearen hân. Neffens van Boxel stean de noazen no wer allegearre de goeie kant út. Utgongspunt bliuwt it kampioenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)