Akwadukt en tunnel by Boalsert

Der moat in akwadukt en in tunnel yn 'e A7 by Boalsert komme. Dat fine ûndernimmers, de middenstân en de hoareka yn 'e stêd. Boalsert soe dêrmei mooglikheden krije oan de súdkant fan de stêd, seit de eardere direkteur fan Rentex Floron. Hy hat út namme fan de ûndernimmers de plannen oan 'e gemeenteried presintearre.
Mulder sjocht grutte kânsen foar rekreaasje en toerisme as Boalsert-Súd net mear troch de A7 fan 'e rest fan 'e stêd ôfsplitst is.