LC praat net mear mei Menzo

Stanley Menzo
De Ljouwerter Krante praat net mear ien op ien mei trainer Stanley_Menzo fan Cambuur. It beslút is naam fanwege in konflikt tusken in sportsjoernalist fan de krante en de trainer. Menzo fynt dat de sjoernalist yn artikels oer Cambuur tefolle op 'e man spilet. Hy fielt him persoanlik oanfallen.
Op de nijjiersgearkomste fan de fuotbalklup woe de sjoernalist fûstkje mei Menzo, mar dy woe dat net. De krante skriuwt noch wol oer Menzo mar net mear út eigen petearen.