Nije Feantrainer noch ûnbekend

04 feb 2010 - 11:23

SC-Hearrenfean-direkteur Yme Kuiper hat tongersdei de seleksje bypraat oer de nije situaasje. Jan de Jonge joech woansdeitejûn syn taak as ynterim-trainer werom oan it bestjoer fanwege de minne resultaten. De seleksje traint tongersdei net. Wa't fan freed ôf foar de groep stean sil, is noch net bekend. Formeel soenen de assistinten Gert Heerkes en Johnny Jansen it oernimme kinne. Mar der wurdt troch guon ek sein dat Foppe de Haan tydlik weromkomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)