Fytser mei sin oanriden

04 feb 2010 - 11:07

In Ljouwerter (23) is woansdei yn syn wenplak mei sin oanriden troch in automobilist. It slachtoffer stuts de jûns út de Knoopstrjitte de Spoarstrjitte oer. Fan rjochts kaam in auto hurd oanriden. De fytser fûn dat er der noch wol foar del koe. De automobilist seach dat blykber oars, folge de fytser en ried him oan.

De automobilist skelde it slachtoffer út en ried doe fuort. De fytser rekke licht ferwûne. Troch tsjûgen koe de automobilist opspoard wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)