Nij apparaat spoart himp op

04 feb 2010 - 10:21

De plysje hat mei help fan in nij apparaat trije himpkwekerijen yn Ljouwert opspoard. De ´cannasniffer´ kin lytse dieltsjes fan drugs trasearje.

Op de Apollowei waarden mei it apparaat fyftich himpplanten fûn. Op ´e souder fan in wenhûs yn ´e Robert_Kochstrjitte stiene twahûndert planten en yn in bedriuwsgebou oan it Noardfliet fjouwerhûndert. Yn ´e beide lêste gefallen is yllegaal stroom ôftape.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)