Boeren moetsje inoar

04 feb 2010 - 09:41

Boeren út de Fryslannen yn Dútslân binne dizze wike op besite yn ús Fryslân. De boeremoeting waard fyftich jier ferlyn troch de Fryske Rie opset om agrarysk en kultureel wat faninoar op te stekken. Hjoed-de-dei is it mear in moeting tusken âlde freonen wurden.

De kommende dagen sjogge de goed tritich Noard- en East-Friezen ûnder oare by tomatekweker Hartman yn Seisbierrum en by in bargehâlderij yn Winaam. Deputearre Jannewietske de Vries ûntfangt se op it provinsjehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)