SP-Skarsterlân op non-aktyf

03 feb 2010 - 22:06

It bestjoer fan de SP-ôfdieling yn Snits hat de wurkgroep SP Skarsterlân op non-aktyf set. De ôfdieling yn Skarsterlân fraudearre mei in hantekening op de kieslist. De wurkgroep makket al fjouwer jier diel út fan de ôfdieling yn Snits.

De foarsitter fan de SP Snits ûntdekte de falske hantekening en melde dit oan de kieskommisje fan Skarsterlân. Boargemaster Kuiper lit justysje útsykje oft dit ek strafber is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)