Douwe en Durkje fan it eilân

03 feb 2010 - 22:02
  • De leskoffer mei it materiaal deryn

De bern fan de basisskkoallen op de eilannen krije hiele spesjale leskoffers oer de skiednis fan de eilannen. De bern begjinne op skoalle mei in bepaald ûnderwerp en geane dan letter nei in museum op it eilân foar de útwurking.

Yn it projekt steane Douwe en Durkje sintraal, sy libben yn it begjin fan de 20e ieu. Oan de hân fan wat sy belibje leare de bern de skiednis fan harren eilân kennen. Se kinne ûnder oare netten meitsje en mûtsen ploaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)