Hobbyfiskers eilannen hoopje

03 feb 2010 - 21:46

It ferbod op fiskjen mei steand fiskersark wurdt troch minister Verburg opnij besjoen. Dat makke se woansdei bekend yn de Twadde Keamer. Yn oktober 2009 melde se dat as gefolch fan it ferbod op it ielfiskjen ek de ieuwenâlde tradysje fan it netfiskjen ferbean wurdt. Dit liede ta grutte lulkens by de eilânbewenners.

In grutte ploech minsken hat dit as hobby. Sy sizze dat se gjin iel fange mei de netten, mar allinnich bot, harder en seebearskes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)