Sk'lân soepeler mei gasflessen

03 feb 2010 - 20:38

De gemeente Skarsterlân fersoepelet de regels foar de opslach fan gasflessen fan luchtbalonnen. Neffens de lanlike regels soene in soad lytse bedriuwen grutte ynvestearrings dwaan moatte om de opslach feilich te meitsjen.

In tal ballonfeartbedriuwen hawwe de gemeente hjiroer benadere. De gemeente hat ien en oar útsocht en waard dúdlik dat de gemeente de lanlike regels oanpasse mei. Omdat de gasflessen fan luchtballonnen feiliger is as bygelyks campinggas binne de regels no oanpast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)