Sumarders wolle feilige dyk

03 feb 2010 - 16:46

Bewenners fan Sumar, benammen dy oan de dyk tusken Sumar en Eastermar, komme mei in boargerinisjatyf om de dyk dêr in stik feiliger te krijen. Der barre fierstefolle ûngelokken. Der is al earder praat mei de gemeente en der binne ek wol oplossings om it stik dêr't no 80 tastien is, werom te brengen nei 60 kilometer yn de oere.

Yn de lêste begrutting is der noch gjin jild reservearre om de skeppe yn de grûn te setten. Dêrom binne der 190 hantekenings ophelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)