Mear sosjale hierwenten

Mear sosjale wenningbou foar Ljouwert
Ljouwert krijt der de kommende trije jier fjouwerhûndert sosjale hierwenten by. Dat hat de gemeente ôfpraat mei de wenningkorporaasjes yn de stêd. Neffens de gemeente is dat needsaaklik om't der yn de takomst folle mear ferlet fan sosjale hierwenten is.
De nijbou is opnaam yn de nije prestaasjeôfspraken dy't de gemeente makke hat mei de korporaasjes. Neist de nijbou is der ek ôfpraat dat seis Ljouwerter wiken ekstra omtinken krije sille fan de korporaasjes.