Ruterpaad Trynwâlden iepene

It ruterpaad troch de Trynwâlden rjochting Oentsjerk en Mûnein kin nei seis jier wer brûkt wurde. It paad bestiet al langer, mar it moast ferlein wurde. De gemeente moast foar in ton grûn oankeapje. Tsjin it earste plan fan de gemeente kamen in soad beswieren om't de ruters te ticht by de hûzen del komme soenen. Doarpsbelang woe it net. Uteinlik kaam in wurkgroep mei de oplossing. Wethâlder Schippers hat it stikje nije paad freed offisjeel iepene.