Keatsskoalle yn Arum

Willem Westra set as earste keatsferiening fan Nederlân in eigen keatsskoalle op. De keatsferiening fan Arum wol der troch bettere trainingen foar soargje dat syn talinten de wei nei de top fine. Om't der yn Arum sels net genôch talinten binne om it programma op te setten, wurde ek keatsers út de omlizzende doarpen frege mei te dwaan.
Mei it opsetten fan de skoalle is Arum neffens de KNKB in foarbyld foar oare keatsferienings yn Fryslân.