Tal ferkearsdeaden moat minder
It tal ferkearsdeaden yn Fryslân moat mei de helte werombrocht wurde. Ek it tal minsken dat yn it sikehûs bedarret nei in ferkearsûngemak moat de helte minder. It doel moat berikt wurde foar 2025, sa wol de provinsje.
It ôfrûne jier binne 25 minsken omkaam yn it ferkear. Om dat tal werom te bringen wol de provinsje diken oanpasse, besykje fytshelmen ferplichte te krijen foar jonge bern en krije âlderen foarljochting oer ferkearsfeiligens.