Ferkearsrûzje yn Ljouwert

03 feb 2010 - 09:54

In Ljouwerter hat tiisdeitemoarn in frachtweinsjauffeur út Sint Jabik skopt en treaun nei in ferkearsrûzje. De man tocht dat de frachtwein op de Voorstreek tsjin syn auto opriden wie, de frachtweinsjauffeur miende fan net omdat er neat fernaam hie.

De Ljouwerter (51) gie troch it lint en fernielde de bûtenspegels fan de frachtwein. Hy skopte de sjauffeur tsjin de skinen en treau him fuort. Hy ried fuort mei de auto mar waard op de Nieuweburen oanhâlden troch de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)