Bleate poster politike partij

Hoe festigje jo as nije politike partij alle oandacht op jo? Foar de nije studintepartij Student 058 út Ljouwert wie dat net sa dreech te betinken. Meitsje in poster dêr't de listlûker Michel Hania folslein neaken op stiet. No ja, net alles is te sjen. Foar syn krús hâldt er in pilske.
Bysûnder is dat de foto fan de bleate listlûker makke is yn de riedsseal. Ynkoarten sil de poster fan de partij op 15 ferskate plakken yn Ljouwert te sjen wêze.