Hearrenfean spilet striemin

02 feb 2010 - 21:56

De Sportklup Hearrenfean sakket hieltyd fierder fuort. Tiisdeitejûn waard yn Venlo mei 3-1 ferlern fan VVV. Nei in kertier wie de wedstriid al spile. Ferdigenjend wie it doe by de Feansters ien grutte gaos. Dêr makke VVV optimaal gebrûk fan troch goals fan Ferry de Regt, Gonzalo Garcia en Sandro Calabro. Gerald Sibon makke de 'earetreffer' út in strafskop.

Yn de twadde helte besocht Hearrenfean it wol, mar de ploech hie gjin flêr, gjin selsbetrouwen en kreativiteit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)