Opsterlân treft bern op it net

As je as gemeente de jongerein berikke wolle, kin dat it bêste digitaal middels it ynternet. Dat is de oertsjûging fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn Opsterlân. Jongeren komme bygelyks mei-inoar yn 'e kunde middels MSN of sosjale netwurksites lykas Hyves of Facebook.
Dêrom wurdt yn 'e mande mei de Burgemeester Harmsmaskoalle op 'e Gordyk en de jongerein in site boud dêr't men elkoar moetsje kin.