Keamerfragen oer JSF

De Twadde Keamer wol fan steatssiktaris Jack de Vries fan definsje witte wat de Amerikaanske problemen mei it JSF-programma betsjutte foar Nederlân.
Earder waard bekend dat it programma opnij fertraging oprûn hat. Ek wurde de kosten heger. Dêrneist is de lieder fan it Amerikaanske projektburo ûntslein. It ministearje fan definsje yn Den Haach is op it stuit dwaande om te achterheljen wat de gefolgen wêze kinne foar de JSF yn Nederlân.