Kruiend iis berikt Makkum net

02 feb 2010 - 16:53

De kâns is lyts dat it kruiend iis op de Iselmar it strân fan Makkum op komt. Dat tinke ynspekteurs fan de gemeente Wûnseradiel. Oan de Fryske Iselmar-kant lizze flinke iisbergen. It giet om it iis dat earst op de mar lein hat, mar mei it taaiwaar yn stikken brutsen is.

Troch de hurde wyn foarmen dy stikken iisbergen. Dyselde hurde wyn kin it iis nei de kust ta triuwe, mar om't de wyn súdwestlik is, liket dy kâns hiel lyts. Yn 1985 wie dat wol it gefal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)