Mear studinten nei bûtenlân

Der gean dit jier mear Stenden-studinten nei it bûtenlân
Goed 250 studinten fan de Stenden Hegeskoalle binne dizze moanne begûn oan in koarte stúdzjeperioade yn it bûtenlân. Dat binne goed 30 persint mear studinten as ferline jier.
Benammen lannen lykas Thailân, Yndonesië, Qatar en Súd-Afrika binne yn trek. De studinten kinne yn dy lannen minors folgje yn ûnder oare regionaal toerisme management en wyn stúdzjes foar trochsetters.