Aksje Hylpen tsjin huzegebrûk

Pleatslik Belang wol net dat huzen as fakânsjehús brûkt wurde
Ynwenners fan Hylpen freegje de gemeente Nijefurd opnij om op te treden tsjin minsken dy't in gewoan hûs brûke as fakânsjehûs. It giet no om in wenning oan de Molenstrjitte.
Dat hûs waard twa jier lyn kocht troch minsken út it westen en dy ferhiere it. Pleatslik Belang fynt dat ûnakseptabel. Neffens in wurkgroep is soks net goed foar skoallen, de middenstân en it ferieningslibben. Boppedat kin de Hylper jongerein yn eigen stêd hast gjin betelber hús krije.